| "De
wrâld fan Meindert Talma" |
DOCUMENTAIRE OMROP FRYSLAN
De documentaire "De wrâld fan Meindert
Talma" werd op zondag 14 oktober 2001 uitgezonden op Nederland 1.
PERSBERICHT FRIES
Yn "De wrâld fan Meindert Talma" wurdt de wrâld fan sjonger, muzikant,
skriuwer en performer Meindert Talma fan Grins ferbyl-de.
Programmamakker Herman Zeilstra folge Meindert Talma en syn Negroes by in op-treden yn
Paradiso mar ek at sy tusken de rotsoai yn in ta kroech omboud hús spylje. Serieusheid en
hilariteit wikselje elkoar ôf en binne soms min út elkoar ta hâlden by Meindert Talma.
Tegearre mei drummer Nyk de Vries makket Talma it Fryske tydskrift 'De Blauwe Fedde'
dêr't lange ynterviews mei bysûndere en faaks ûnbekende Friezen yn steane. Yn it
televyzje-programma gean de skriuwers op besite by famylje fan Meindert Talma, dêr't it
geloof op it aljemint komt. Dit leauwen spilet ek in promininte rol yn syn roman
"Dammen met Ome Hajo', dêr't it doarpslibben en syn jeugd yn it grifformearde
Surhústerfean yn be-skreaun wurdt.
Koartlyn binne de foar 'De Blauwe Fedde' makke ynterviews bondele en útjûn by de Friese
Pers. Yn it programma 'De Wrâld fan Meindert Talma' wurde ynterviewfrag-minten ôfwiksele
mei ympresjes fan syn optredens, de tariedings dêrfan mar ek mei troch Talma sels makke
fideobylden en sketskes. "Ik ha ek wolris neitocht om de filmakademy te dwaan, mar
dan mear as regisseur. Mar eigentlik ha ik dêr ek net echt serieus oer neitocht", is
in typearende útspraak fan de alsidige Meindert Talma.
PERSBERICHT NEDERLANDS
In de documentaire "De wrâld fan Meindert Talma" wordt de wereld van zanger,
muzikant, schrijver en performer Meinder Talma verbeeld.
Programmamaker Herman Zeilstra volgde Meindert Talma en zijn Negroes bij een optreden in
Paradiso maar ook als ze tussen de rotzooi in een tot kroeg omgebouwd huis spelen.
Serieusheid en hilariteit wisselen elkaar af en zijn soms moeilijk uit elkaar te houden
bij Meindert Talma. Samen met drummer Nyk de Vries maakt Talma het Friese tijdschrift De
Blauwe Fedde waarin lange interviews met bijzondere en vaak onbekende Friezen. In het
tv-programma gaan de schrijvers op bezoek bij familie van Meindert Talma waar het geloof
ter sprake komt. Dit geloof speelt ook een prominente rol in zijn roman 'Dammen met Ome
Hajo', waarin het dorpsleven en zijn jeugd in het gereformeerde Surhuisterveen wordt
beschreven. Onlangs zijn de voor De Blauwe Fedde gemaakte interviews gebundeld en
uitgegeven bij de Friese Pers. In het programma 'De Wrâld fan Meindert Talma' worden
interviewfragmenten afgewisseld met impressies van zijn optredens, de voorbereidingen
daarvan maar ook met door Talma zelf gemaakte videobeelden en sketches. "Ik heb ook
wel eens nagedacht om de filmacademie te doen, maar dan meer als regisseur. Maar eigenlijk
heb ik daar ook niet echt serieus over nagedacht", is een typerende uitspraak van de
veelzijdige Meindert Talma. |
|
Terug naar het
nieuwsarchief
FOTO'S

Nyk de Vries en Meindert Talma op paad

Joke Tjalsma, ien fan 'e ynterview-
slachtoffers fan Meindert en Nyk

Optreden yn poptimpel Paradiso

Nyk de Vries, redakteur fan
'De Blauwe Fedde'

Ynspiraasje yn bad...
(© Foto's: Omrop Fryslân)
|