![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Romandebút fan
Meindert Talma "Dammen met ome Hajo" 22 september 1999
"Dammen met ome Hajo" toant Surhústerfean yne jierren santich en tachtich, sjoen troch de eagen fan Meindert Talma. Popmusyk, famkes en útgean spylje in belangrike rol yn it libben fane opgroeiende Meindert. Net allinne de grifformearde achtergrûn mei Gospelgroep de Shalom Singers, de Nederlandse Christelijke Vrouwen Bond en it Friesch Dagblad kleurje de sfear fan syn jeugd, mar ek radio- en televysjeprogrammas lykas de Dik Voormekaar Show, de Willem Ruis Show en de Ted de Braak Show. En net te ferjitten de aparte humor dyt gesprekken op e geheime sender de Stille Genieter en ûnder it damjen by ome Hajo versmobielondernemer opleverje. Boppedat makket hoet de minsken binne, dogge en prate in grut diel út fan e eigenheid fan it doarp yne Wâlden mei figueren as Sietse Snack, Dikkie Mozes en Ellie Vermicellie. De haadpersoan observeart aksjes fan oaren en beskriuwt syn eigen aventueren op droege wize. It is net tafallich dat de ik-figuer yne roman deselde namme hat as syn skriuwer. Meindert Talma (1968) is him bewust fan it hege autobiografyske gehalte. "Ope ien of oare manier tsjinnet myn jeugd yn t Fean him faak oan as belangrike ynspiraasjeboarne fane ûnderwerpen foar myn ferhalen. Ik ken de lokaasjes goed en ik fyn it moai om de sfear fan dy tiid en fan dat plak, de smoute kant wat neist te sketsen. It is seker sa dat de haadpersoan yn it boek in protte oerienkomsten mei my hat, mar hjir en dêr ha ik der wat by betocht fansels." Alhoewolt Dammen met ome Hajo him foar fierwei it grutste part yn Fryslân ôfspilet, is de roman yn it Nederlânsk skreaun. "Ik wol in grut publyk oansprekke. De dialogen binne mei sin yn it Frysk, omt de measte minsken dat prate yn Surhústerfean." Troch de beskriuwingen fan e tiidgeast en de types fan in net al te grutte doarpsmienskip is it oars wol in Frysk boek wurden Geheime sender "De measte ferhaaltsjes binne ûntstien as kollums dyt ik foardroech by radio de Nightrider, in geheime sender yn Grins. Op Twadde Krystdei yn 1994 ha ik dat foar it earst dien. De reaksjes fan dy mannen fane sender wienen doe wol aardich. In pear moanne letter ha ik wer foarlêzen, dat wie op in benefytjûn dyt se organisearren omt de sender oppakt wie. Uteinlik ha ik san santich stikjes skreaun foar dy útstjoeringen." "De deis neit ik op stap west hie, krûpte ik mei in minne holle achter de kompjûter om foar dy jûnes in ferhaal te betinken. It handige fan it foarlêzen wie dat ik fuort de reaksjes peile koe fane taharkers ome tafel. Fan dat wyklikse skriuwen ha ik in protte leard. Wanneart in grap bygelyks wurket of net." "Yn it begjin hie ik mear pretinsjes en heechdravend taalgebrûk. Yn myn rubryk "de tijd is een schoft" ferwurke ik earst noch feiten út e skiednis, letter gongen de ferhalen faker oer mysels en oer types dyt ik om my hinne meimakke en sjoen hie. Ik fyn it belangryk dat de lêzers plezier oan myn ferhalen belibje, ik moat der sels ek om laitsje kinne. In tragikomyske styl sprekt my it meast oan." De radiostikjes skreau Meindert Talma oarspronklik yn it Nederlânsk. Guon dêrfan publisearre er letter yn it Frysk yn it tydskrift de Blauwe Fedde dat er mei Nyk de Vries yn 1996 yn it libben roppen hie. In tal fan e ferhalen binne yn bewurke foarm yne roman telâne kommen. Geheime mappen As jonkje mocht de skriuwer graach lêze en al op jonge leeftyd hie er de ambysje om sels te skriuwen. Op e legere skoalle utere him dat noch net sa, mar op e middelbere skoalle yn Drachten krige er hieltyd mear niget oan it skriuwen. "Ik hâlde der yn dy tiid geheime mappen mei ferhaaltsjes op nei. Letter ha ik dat nochris lêzen, it stelde net folle foar. Opstellen koe ik dêrfoaroer goed meitsje." Nei it atheneum tocht Meindert Talma deroer nei de skoalle foar sjoernalistyk te gean. Hy keas lykwols foar de stúdzje skiednis yn Grins. "Men hearde mei in vwo-diploma nei de universiteit te gean en net nei it hbo. Ik hie der amper in idee fan wat ik dwaan moast. Ik wist allinne dat ik studearje woe, op keamers. Yn t Fean en by ús heit-en-dy hie ik it wol besjoen. Omt ik yn e fyfde klasse sitten bleaun bin, wienen in pear maten fan my earder it hûs út. It frije libbentsje dat út har ferhalen nei foaren kaam, lake my ta." Op syn alfde is Meindert Talma mei oargelspyljen begûn. "Ik ha in deeglik klassike oplieding hân, Bach ensa. Ik wie frij goed en op t lêst moast der in better oargel komme, mei mear pedalen. Doe ha ús heit-en-dy it Johannes-oargel ferruile foar in Yamaha-keyboard dat ik noch altiten ha. Ik ha in protte teory leard, oer harmonyen en bassen, diplomas helle en ik kin op it tsjerke-oargel spylje." "Oant myn santjinde ha ik les hân, doe hie ik myn nocht. Ik woe popmuzyk meistje, eigen nûmers. De bantsjes dyt ik makke, liet ik oan myn kammeraden hearre en dy fûnen it aardich apart. Se wienen net muzikaal genôch om in band te begjinnen." Dissipline Tidens de stúdzje seach de Feanster it meitsjen fan teksten en muzyk as hobby. Fan thús út hier er de dissipline oerhâlden om hast alle dagen op it oargel te spyljen of oan teksten te skriuwen. Nei syn ôfstudearjen hie Meindert Talma net safolle sukses mei ti sollisitearjen. Hy woe serieuzer mei syn talinten oan e gong. "Ik woe sjen oft it wat foar mysels op poaten krije koe. De minsken om my hinne wiene meastentiids entûsjast oer myn wurk. Bysûnder fûnen se it faak." Mei "the negroes" hat Meindert Talma al in pear jier in eigen band. Net sûnder resultaten want de "soundtrack" dy t tagelyk mei de roman ferskynt, wurdt de tredde lûdsdrager. Yn 1997 ferskynde de CD "Hondert punten" en in jier letter "Ferhûddûker". Op "Dammen met ome Hajo" steane njoggen nije nûmers en seis nûmers dy t earder útbrocht binne. "Alle haadstikken yn e roman wurde foarôfgongen troch in motto dat ynhâldlik op it ferhaal oanslút. In tal mottos binnen sitaten út myn eigen songteksten. It like ús moai ta om dy nûmers op in cd te setten en dy tagelyk mei it boek útkomme te litten. Autentyk De algemiene belangstelling foar skiednis dyt Meindert Talma hie, hat er mei dizze roman persoanlik makke. Yn likegoed de lietteksten as de ferhalen is deselde observearjende styl werom te finen. Sa autentyk mooglik hat er syn skiednis yn Surhústerfean delskreaun. "Ik fyn it prachtich dat der in boek is oer dy perioade en fan dy streek. Sels bûten Fryslân herkenne de minsken har yn myn teksten. Misskien bin ik wol de stim fan in generaasje." Meindert Talma wol safolle mooglik moaie boeken en platen meitsje. "It sil mei myn kalvinistyske ynslach te krijen ha. Ik ha der in hekel oan om myn tiid mei neat te ferdwaan." |