Leeuwarder Courant

Romandebuten Meindert Talma en Nyk de Vries
Grinser konsjerzje en magazynhelp beskriuwe Fryske Wâlden

12 mei 2000
Sietse de Vries

Beide wenje yn Grins, mar harren debútromans spylje yn 'e Fryske wâlden. 'Dammen met ome Hajo' fan Meindert Talma yn Surhústerfean, 'Rezineknyn' fan Nyk de Vries yn - alhoewol't it net mei namme neamd wurdt, Noardburgum. De measte personaazjes yn dy boeken rinne net oer fan ambysje, koesterje gjin grutte idealen. Beide skriuwers ha skiednis studearre. Meindert Talma (yn 1994 ôfstudearre) is no konsjerzje fan in sintrum for amateurkeunst, Nyk de Vries (1995) wurket oardel dei yn 'e wike yn it magazyn fan in "grutte Skandinavyske meubelsaak" yn Grins.

Yn it earste jier dat se yn Grins wennen rekken se befreone mei elkoar. Beide studearren skiednis, mar om no te sizzen dat dêrmei harren jongesdreamen útkamen. Meindert: "Ik woe myn seis jier stúdzjefinansiering folmeitsje en wille ha. Ik hie earst in jier rjochten dien, mar dat wie ôfgryslike saai. Doe ha 'k skiednis keazen om't ik dat altyd wol in moai fak fûn en ek wat yn 'e hope dat ik dêr sjoernalist mei wurde koe. Dat is der noait fan kaam."

Nyk: "Ik hie wol belangstelling foar it fak, mar ik haw it net studearre om dêr myn jild mei te fertsjinjen. Myn doel wie de muzyk, mar om't it konservatoarium my neat like, is it skiednis wurden. De muzyk stiet noch altyd foarop. No't myn boek klear is, wol ik in cd meitsje."

Ek foar Meindert is de muzyk wichtich. Yn syn konsjerzjehokje hat er in keyboard stean. It kaaien oanrikken en kofje ynskinken oan kursisten freget net it measte fan him, sadat der gâns tiid oerbliuwt foar skriuw- en komponearwurk. Yn Surhústerfean helle er oait de tsjerkeoargeldiploma's A en B en ek yn syn groep Meindert Talma & the Negroes spilet er oargel. Nyk de Vries spilet gitaar yn dyselde groep.

It skriuwen binne se mei begûn doe't se noch studearren. In jier lang makken se hast alle dagen in ferhaal of in gedicht, oan 'e ein fan 'e wike joegen se kommentaar op elkoars wurk. Se sieten wolris te fantasearjen oer in eigen blêd, mar it duorre oant begjin 1996 ear't it earste nûmer fan De Blauwe Fedde útkaam.

It earste jier wiene se tige produktyf en ferskynde elke moanne in nûmer, letter waard de frekwinsje leger. Wat yn de earste nûmers opfoel wie it tige minne frysk en it hege eamelgehalte fan de tige wiidweidige ferhalen en interviews. Nyk de Vries: It wiene styloefeningen. Wy prebearren fan alles wat út en it is wolris dreech om de grins te lûken tusken wat noch leuk is foar de lêzer en wat net. Mar De Blauwe Fedde is wol in moai poadium. Dêrtroch binne wy net ôfhinklik fan 'e literêre blêden."

Meindert Talma skreau 'Dammen met ome Hajo' yn it Nederlânsk - mei Fryske sitaten, krekt as yn 'e LC - om't er mei syn Negroes mear bûten as yn Fryslân optreedt en hy tusken de lieten troch ek foarlêst út eigen wurk. Yn it boek fertelt er op in lakonike toan, mei droege humor oer syn grifformearde jeugd yn Surhústerfean. It is in libben mei in heech NCRV-gehalte dêr't er him net - lykas Maarten 't Hart of Jan Wolkers - tsjin ôfset, mar dat er leafdefol beskriuwt mei in skerp each foar de ridikule kantsjes fan alle hiele en heale dûmnys yn doarp en famylje. Haadpersoan Meindert is in dreamerige jonge, dy't gjin oanlis foar kuorbal hat en net fanatyk genôch is om in goede dammer te wurden.

Foar Nyk de Vries is it skriuwen fan 'Rezineknyn' útpakt as in kursus Frysk, safolle hat er der fan leard. It boek beskriuwt in pear moanne út it libben fan in pear jonges yn de heechste klassen fan it fuortset ûnderwiis. Se leare wat, dogge ris in tentamen, repetearje mei de band, trede ris op en hingje foaral in soad by elkoar om. De personaazjes liede in libben yn ôfwachting fan. It libben keutelt wat troch, nei it eksamen sil dat grif feroarje, mar net ien dy't wit hoe. En net ien dy't dêr hege ferwachtings fan hat. De jonges geane braaf nei tsjerke sûnder dat it leauwen har echt wat te sizzen hat. Famkes binne aardich, mar om dêr no wurk fan te meitsjen.... It boek ropt assosjaasjes op mei 'De avonden' fan Gerard Reve, al is de sfear sa benearjend net.

Beide boeken hawwe in heech autobiografysk gehalte en dat is in bewuste kar. Meindert seit dat er sels ek graach boeken mei in autobiografysk karakter lêst. "Doe't ik begûn te skriuwen, wenne ik noch mar in pear jier yn Grins. It Fean koe 'k folle better, dêr hie'k achttjin, njoggentjin jier wenne. Boppedat ûntdekke je, as je in pear jier fan de frijheid yn sa'n grutte stêd preaun ha, hoe belangryk dat doarp foar je west hat. Mar ik wenje no goed tsien jier yn Grins, no soe ik dêr miskien like maklik oer skriuwe."

Nyk de Vries: "Foar my is it in logysk begjin om ticht by jinsels te bliuwen. Dizze earste is foar my in basisboek. Yn in folgjend boek kin ik bepaalde eleminten fierder útdjipje. It is trouwens net folslein autobiografysk, mar ik fyn it in kompliment as ien my freget: is it echt gebeurd? Ik haw de kontekst fan it boek hiel bewust wat algemien holden, sadat it foar immen yn Denemarken of earne oars ek te folgjen is."

De ôfwachtsjende hâlding fan de personaazjes út 'Rezineknyn', it meigeand aard fan Meindert yn 'Dammen met ome Hajo' typearret neffens de beide skriuwers har eigen generaasje wol wat. Learlingen dy't foar it eksamen al krekt wisten wat se studearje woene wiene in útsûndering. Meindert: "Ik hie moaie ferhalen oer Grins heard, myn iennichste doel wie: út Surhústerfean wei. Mar doe't ik noch yn de fiifde klasse fan it vwo siet, waard ik wolris panysk fan it idee dat ik letter wat wurde moast.

Doe't se noch thús wennen, wiene se trouwe tsjerkegongers. Se hiene der gjin hekel oan, it sosjale aspekt - de omgong mei har maten dêr - stie benammen Nyk wol oan. Opsternaat ha se eins noait west. Se koene amper jongerein dy't dat wol wie. Nyk: "Der wiene wol wat punkers dy't har oaral wat tsjin ôfsetten, mar dat like my ek net de goede wei."

Doe't se in jier as trettjin, fjirtjin wiene waard der op skoalle wol praat oer de polityk, leveren JOVD-typen slach mei leeftydsgenoaten út it linker kamp, mar mei de ein fan de Kâlde Oarloch wie dat gau dien. Nyk: "Dêrmei wiene de skerpe kantsjes der wat ôf. It idealisme wie út, it realisme hie wûn."

Nochris Nyk: "Mar it is net wier, dat wy yn alles like passyf wiene. Underhûds, en dat haw ik mei myn boek ek beskriuwe wold, broeide der echt wol wat. Wy hiene wol ambysje, mar dy konsintrearre him hielendal op 'e muzyk."

Meindert: "Dat kloppet. Yn syn boek liket it miskien oft se mar wat ompiele, mar ik ha Nyk yn dy tiid in kear spyljen sjoen. En dat gie hiel serieus, hy rûn oer fan ambysje."

Terug naar
pers-overzicht