![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
De Kast, skriuwers en har identiteit yn Grins 14 april 2000 GRINS - De Kast, Tsjêbbe Hettinga, de fuotbalclub It Hearrenfean. Dêr draaide it justerjûn op út yn de soas fan de Fryske jongereinfereining Bernlef yn de stêd Grins. Bernlef fiert dizze wike it 75-jierrich bestean. Ien fan de programma-ûnderdielen wie in diskusje oer de stelling "Hjoeddedei is de Fryske muzyk wichtiger foar de Fryske identiteit fan it publyk as de Fryske literatuer." De kar foar twa skriuwers en twa musisi yn it foarum hie wat in belofte yn him fan ferbaal fjoerwurk. Foarumfoarsitter Liesbeth Brouwer, letterkundige oan de Grinser universiteit, joech dêrom earst it fjouwertal de kâns wat te sizzen oer muzyk en literatuer en harren eigen foarkar. Meindert Talma, makker fan in tal muzyk-cd's en skriuwer fan de Frysk-Nederlânske roman 'Dammen met ome Hajo' lêst biografyen (û.o. fan Sinatra en Joris Ivens) en romans fan Hemingway. De skriuwer Trinus Riemersma hâldt fan blues, dixieland en folksmuzyk. De Kast hoecht om him net sa hurd: "Allegearre Hoempa," neffens Riemersma. Dichteresse Albertine Soepboer hâldt fan klassyk, mar ek fan Nirvana en 'rare stimmen' as dy fan Björk en Kate Bush. Doede Veeman stiet ek heech op har listje. Sjonger Doede Bleeker - hy en Doede Veeman songen foarôfgeand oan it debat - lêst "ien of twie boeken in 't jaar." Ien fan de twa boeken dy't er krekt lêzen hat giet oer de skiednis fan de kabeljau, it oare oer it ûntstean fan de beat yn De Haach. O ja, hy koe ek ien gedicht: "De passerpunt belandde adekwaat in meesters ruggegraat, het laatste wat hij zei was akwadraat." En fuortendaliks der efteroan: "Ik bin mar een fisboer hoor." Doe siet de stimming der goed yn foar de diskusje. Albertine Soepboer sei de stelling hielendal net sa belangryk te finen. Jongeren binne hjoeddedei folle mear mei muzyk dwaande as mei letters op papier. "Myn bundels hawwe motto's út de popmuzyk." Hja fûn ek: "Net tefolle oer prate, mar skriuwe, muzyk meitsje. Meitsje wat moais." Foarsitter Brouwer woe fan Meindert Talma witte, of't hy ek by himsels sein hat dat er in grut skriuwer wurde wol. Talma, de langste fan it selskip efter de tafel: "Ik bin sawie sa de grutste skriuwer." En in amerijke letter: "Ja kwa lingte." Trinus Riemersma koe himsels foarstelle dat de muzyk by jonge minsken folle populêrder is as it lêzen fan in boek. Hy woe derop ta, dat it (Frysk) skriuwen allinnich dien wurdt foar bern fan seis oant tolve en foar minsken âlder as fjirtich. Doede Bleeker tocht, dat de measte minsken earder in Frysk boek as in Fryske cd keapje: "Wat 't meeste ferkoopt is die rotzooi fan Anneke Douma, die terreur fan de Bonkefaart." Meindert Talma hat goede ûnderfiningen mei de skriuwerij. "Der is om it blêd Blauwe Fedde hinne in nije generaasje skriuwers opkaam. As ik út myn roman foarlês, dan hawwe de lju gjin problemen mei de stikjes Frysk deryn. As de measten wat drank op hawwe komme se dêr wol trochhinne." By de publyksdiskusje woe dichter Pier Boorsma hawwe dat Tsjêbbe Hettinga mear bydroegen hat ta begryp foar it Frysk as De Kast. Tsjêbbe is ek in fakman, brocht Albertine Soepboer dêrtsjinyn. Mar as it om identiteit giet, is de fuotbalklub It Hearrenfean mooglik noch wol wichtiger as al dy oare dingen, woe ien fan de oanwêzigen noch hawwe. It jubileumfeest fan Bernlef is woansdei begûn. Hjoed sille de feestgongers te silen by Earnewâld en farre dêrnei mei in rûnfeartboat nei Grins. Snein is der yn de Nije Tsjerke yn Grins in Fryske tsjinst ûnder lieding fan ds. Liuwe Westra. En op 20 maaie is der noch in gala yn it Stêdsparkpaviljoen. |