![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Fryske
dichters drage in trui, Nederlânske binne poëet 12 december 2003 Fryske dichters hawwe in trui oan, stammerje en koesterje har amateurisme. Nederlânske dichters drage in kolbert en poseare as wiene se de personifikaasje fan de poëzij. It ferskil is grut, de besikers fan it Literêr Sirkwy binne der oant en mei moandei op sân plakken tsjûge fan. It sealtsje efter kafee De Lichtboei yn Harns eaget mei in glânzjende lambrisearring proazaysk nij, it provisoaryske poadium mei de griene tl-buizen en de reade spot jouwe in bewyske fan poëzij oan 'e sfear. Op dat plak wie woansdei de ôftraap fan it twadde Literêr Sirkwy, dat oant en mei moandei sân plakken yn Fryslân oandocht. It idee komt fan it Skriuwersboun, dat it as syn taak sjocht de Fryske skriuwers mear en faker ûnder de oandacht fan it publyk te bringen. De gearstalling fan it programma en de organisaasje is útbestege oan Theo Oppewal fan Theater Romein. Wa't it listje fan dielnimmers sjocht komt amper bekende nammen tsjin. Gjin festige dichters as Eppie Dam, Harmen Wind of Margryt Poortstra, sels jonge festige dichters as Albertina Soepboer en Tseard Bruinja ûntbrekke. De bekendste nammen binne dy fan Meindert Talma, Nyk de Vries en Willem Schoorstra, mar ek dy kinne - sjoen de omfang fan har oeuvre - amper ta de festige skriuwers rekkene wurde. (...) Meindert Talma is in hiel oar gefal. As oanfierder fan popgroep De Negroes en ek as foarlêzer soe er nei oantal jierren ûnderfining op it poadium yn it sâlt bebiten wêze moatte. Healwei syn optreden, as er út 'e doeken docht dat syn tydskrift De Blauwe Fedde in sêfte dea stoarn is, seit er: "Ik kin mar better lêze, myn fertellen is net sa goed." It tsjûget fan selsynsjoch, mar is it in spultsje of is dy ûnhandichheid autentyk? Sa't er oant trije kear ta in ferhaal beëiniget om syn folgjende bydrage op krekt deselde toan oan te kondigjen, dat jildt by bern as oandwaanlik. En by in folwoeksen skriuwer fan oer de twa meter, sjoen it tefreden applaus, dus ek. Meindert sil der dus wol oer neitocht ha. Mear as oer syn taal, oars hie er de pakesizzer fan Atte Bouma grif gjin "lytssoan" neamd. (...) Nyk de Vries , fan wa't yn april syn twadde roman ferskynt, draacht in rychje proazagedichten foar, hiele koarte ferhaaltsjes. Net fan papier, mar út 'e holle. Syn optreden ropt soartgelikense fragen op as dat fan syn maat Meindert Talma. Hy sjocht mei grutte, fernuvere eagen de seal yn as is elk lûd, is elke beweging in wûnder. De ûnbefangenheid fan de dichter? Der sprekt yn alle gefallen in nayviteit út dy't men op grûn fan syn leeftyd en syn opliedingsnivo net ferwachtsje soe. (...) Jûn is it Literêr Sirkwy yn Het Roodhert yn Burgumm, moarntemiddei om 15 oere op It Hearrenfean yn De Heerenkamer, moarntejûn yn Dokkum yn De Posthoorn, sneintemiddei om trije oere yn Snitsyn bierkafee De Draai en moandeitejûn yn Ljouwert yn Theater Romein. De jûnen begjinne om 20 oere. (...) |