Leeuwarder Courant

Liet-sjuery kiest foar dilettantisme

18 oktober 2004
Jacob Haagsma

JOUWERT - Meindert Talma And The Negroes ha sneontejûn Liet wûn. De faksjuery liet dizze rûtinjees yn in folle Harmonie mei mar in pear punten ferskil winne fan it jonge duo Teaterkollektyf 'Griene Sjippe', dat wol mei oermacht de publykspriis binnenhelle.

It is al faker sein: it giet om appels en parren, dy't harren mar lestich fergelykje litte. In trance-achtich dancenûmer as 'Dream my in dream' fan Astrid de Vries neist in 'jankfodde' dêr't de Zangeres Zonder Naam har net foar hoegde te skamjen, lykas 'Lieveling' fan Trienke: it leit safier útinoar dat de sjuerywurdearring in protte fan in smaakkwesty hat.

Mar net hielendal, want dat De Vries mar ien punt krige hie der ek mei te krijen dat se it liet, skreaun troch Liet-feteraan Jouke Douwe de Vries, net sa geweldich song. Wylst Trienke har 'Lieveling' brocht mei de goede miks fan ynlibbingsfermogen en irony. It wie noch in tige aardich liet ek, skreaun troch Sido Martens dy't der ek noch wat Meksikaanske kitsch yn struid hie.

In grut ferskaat, dus, en ek in tige behoarlik nivo. De amateuristyske skouduorren-mentaliteit dy't by eardere edysjes fan Liet noch wolris opspile, wie hjir net te sjen of te hearren. Ek de kategory dy't men âlderwetske Liet-lieten neame kin, lykas de bydragen fan No Limits, Saakje Zijlstra en de iennige soliste fan de jûn, Flecht, mochten der wêze.

Jong as de twa fanTeater Kollektyf 'Griene Sjippe' ek binne, harren 'Fiel dy frij' past ek yn dy kategory. Sadwaande hold de faksjuery der dus mear foarútstribjende ideeën op nei as it publyk, want Meindert Talma giet sa tradisjoneel net te wurk. It winnende liet 'Dûnsje wyldekat dûnsje' moat dyjingen oangrize dy't priis stelle op in moai klopjende kombinaasje fan tekst, metrum en ritme. Mar nimmen kin dizze stileare foarm fan dilettantisme sa goed oan as Talma.

Ek Novelle+, in grutte fersy fan it jonge singer-songwriter-duo Novelle, kaam fris foar de dei mei 'Ik wol dy leave', skreaun troch in studinte fan de oplieding Pop en Media. Op in oare manier wie 'Jappy Roebelaar' fan de Rebound Boogie Bent, ien fan in hânfol dielnimmers ynt it Biltsk, ek ferrassend: parlando yn rhythm and blues- sfearen.

De sjuery liet dizze twa yn de middenmoat sitte en joech de tredde priis oan Itis, dat mei 'Oan de oare kant' in like deeglik as persoanlik liet brocht. De ferliezers kinne harren treaste mei it lot fan Mirjam Timmer, dy't de earste priis útrikte. In jiermannich lyn gie de priis fan de faksjuery oan de noas fan har duo Twarres foarby, mar it publyk hie it doe wol goed sjoen en 'Wêr bisto' waard de grutste hit yn de histoarje fan Liet, en fan de Fryske muzyk.

Terug naar
pers-overzicht