![]() ![]() |
MEINDERT TALMA MAKKET FONETYSKE FOTO'S Juni 2006 Under it petear soenen syn earms hast ûngemurken oardel oere lang Meike widzje, dochter fan inkele moannen âld. Har komst hat in foarname reden west om ergens netsjes te setteljen. Dat hat yn it niks-mis-mei-doarp Zuidhorn syn beslach krigen. Foart we ús by him yn e hûs ta praten setten gongen we earst even nei bûten ta. Op it kampke lân achter de huzen hâldt fee it gers koart. Dêr wer achter rint it spoar Ljouwert - Grins; it stoart net, liket suver foar ritme te soargjen. It kin hast net oars of hy sil syn eigen wensituaasje ris mei droege humor beskriuwe, sat er by in optreden in grappich ferhaal fol irony foarlies oer syn Grinzer skoanfamylje. Mei tagelyk wat fan achteleaze grutskens lit er my it studiootsje sjen dat er yn it túnskuorke hat. Syn lange stal falt dêr ekstra op, lykas even letter wanneart it famke yn syn grutte hannen koest.
Plannen byt soad Ik ha as skriuwer en muzikant no wol de doelstelling om der fan te bestean, de helte fan de hypoteek en kosten fan it bern op te bringen. Mar ik gean der dêrom net oars om skriuwen of spyljen. Ik moat der net oan tinke dat ik der mei ophâlde moatte soe. In kantoarbaan kin ik net oan. Not ik op ferskillende flakken aktyf bin, wurdt niks folslein rûtine en hâld ik oeral myn ynteresse, dat is belangryk yn dit wurk. Der steane ek ferskate nije projekten oan te kommen, dat ik kin wol even foarút. Sa bin ik dwaande mei in senario foar in spylfilm en dêryn moat sa ûngefear alles wat ik doch by mekoar komme; ik fyn film in machtich moai medium. Bob Visser sil foar produksje en regy soargje. De film sil ek droegen wurde troch gewoane, echte minsken dyt harsels spylje; dat is ek al sa yn myn filmyske kollums dyt ik mei Herman Zeilstra út Tsjom foar omrop Llink makke. En fierders wol ik mei in nij boek komme, yn de rige Fryske Modernen. Myn bedoeling is dat it mear body krijt as de foarige: net wer sa fragmintarysk en semy-autobiografysk, sis mar dat der no echt in plot yn komt. En wat heel spannend wurdt, is dat ik troch it Grinzer Noorderzon-festival frege bin om foar yn it opfallende Wallhouse fan arsjitekt Hejduk in allyk opfallende muzykfoarstelling te meitsjen, yn it Ingels. De foarstelling sil Tamango hjitte en giet oer de lêste dei en nacht fan The Tourist dyt yn Hotel Wallhouse him mei pillen en drank dea sûpt omdat er de dea fan syn grutte leafde Jacky Hall net ferwurkje kin. Ik ha al hielendal yn e kop hoet it wurdt en it sil der oars om en ta gean as wat ik earder makke. Yn myn boeken en yn de muzykteaterfoarstelling Iemand moet het doen dyt wy no spylje, draait it noch faak om in doarp, in puber dyt dêr wrakselt mei religy, erotyk, dyt bygelyks ôfwiisd wurdt troch in famke en dan is t de fraach of er dat pikt. En altyd mear sfearysk as in konsekwinte ferhaalline. Ik ha wol wat mei in opbou dyt sa ferrint: fan fleurich nei donker, frij dramatysk, en dat it dan toch wer wat ljocht wurdt, sis mar: de oerrin fan dei en nacht. Yn of út it hokje It optreden yn de Melkweg, hertsje Amsterdam, is de koarte kant neist en foar it grutste part net te ferstean. It publyk hat altyd noch it skerm mei de fideobylden fan syn Dútse maat en mediakeunstner Jan Klug ta syn foldwaan, dat wurket benammen goed by it rûge nûmer oer de ôfrekken mei het meisje van de slager dat teveel wist (in smoarch karwei, mar íemand moet het doen). En by ien fan de twa Frysktalige nûmers Datst dû net mear bestiest: Want ik ha in soad te bepraten / 4 jier haw ik op dy wachte / mar ik krige taal noch teken / ik ha sa faak oan dy tocht / faker as Jezus oan syn skiep / sa faak dat it sear die en ik woe datst dû net mear bestiest / (...) / hoewolst dû net mear mei my pratest wiest dû foar my in ljocht sûnder skaad / dû hast dyn skuld noait bleatlein / dû hast der noait in wurd oer sein. Mar goed dat ik sok moais letter op syn website neilêze koe. Myn kammeraat, dyt gâns better thús is yn it wrâldsje fan muzyk en fan dû en saterdy, kin it lykwols ûnder it konsert ek net neikomme. Mar de band is neffens him wol okee. Dêrnei komt in 8-mans formaasje, de Kift, dyt yn de programmabeskriuwing rekkene wurdt ta deselde nije streaming, nammentlik De Nederlandse Impressionisten. De Impressionisten lûke yn wikseljende kombinaasjes troch it lân. Hoe regionaler hoe universeler. Steeds meer bands en artiesten in Nederland laten zich beïnvloeden door hun eigen taal en culturele achtergrond en verwerken dit in hoogst actuele muziek. Het uitgangspunt is de particuliere beschrijving van het leven van alledag, in de taal die je het gemakkelijkst in de mond ligt. Spinvis is wellicht de meest succesvolle, maar in zijn kielzog varen de Kift, Meindert Talma etc. Louloene, ik lit my yn Amsterdam net fan alles wiismeitsje: Talma past it korset fan san sabeare nije streaming net, ús Meindert beskreau op syn wâldsjers altyd al it gewoane libben. Wat dat oangiet wie er in kloon fan streekgenoat Rink van der Velde. It draaide by him altyd al om de ekspressy fan persoanlike oprispingen of wederwaardichheden fan bysûndere figueren, teksten mei in heech anekdoatysk gehalte en in losse struktuer. Fierders gjin direkte ferbining lizzend mei grutte gedachten, lit stean teoryen; maatskiplike fraachstikken wurde net oansnijd. En krekt not it âlde foefke as nije neamer presintearre wurdt, is hy dwaande om wat sjenre, tematyk en taal betreft just faker út it bekende rûntsje te stappen, oare keunstkes te learen. It docht jin bygelyks útsjen nei syn nije boek. Hawar, yn it episintrum fan kultureel Nederlân hâlde wy de Kift al gau foar besjoen, nei de droktemakkerij om neat fan de sjongers en it gesketter fan de blazers. Fonetyske fotos Dat ik teksten en fral ferskes faak yn de
ik-persoan skriuw wol net sizze dat it allegear autobiografysk is; it wurdt der foar myn
gefoel direkter fan, it emoasjoneart mear. De hy-foarm wurdt sa gau beskôgjend, mar biedt
wol wer mear mooglikheden om ferskillende perspektiven te sketsen, belangriker foar in
boek as in ferske. Ik hâld fan fitaal proaza, mannen as Celine en Bukowski. Ik brûkte
sels oant no ta graach mytyske figueren út myn eigen jeugd. Ik moat foar reaksje op myn
wurk lyksinnigen yn e buert ha en dy binne yn e stêd wat rommer te finen. De
ûnderwerpen sille faak yn it ferline mar lykwols tichtby lizze, dan is der op wat
ôfstân better oer te skriuwen; op it doarp sels sjogge je it as gewoan. Ik skriuw frij
assosjatyf en soms direkt, iepenhertich oer persoanen dyt noch libje. Immen sei ris
fan myn wurk dat it krekt fonetyske fotos lykje: in minimale beskriuwing fan wat om
my hinne gebeurt en wat ik fiel, dingen beneamd sat se binne sûnder
poeha-ferpakking. Yn it begjin haw ik wol sjêne field. Us heit lies myn kollums yn
e Ljouwerter foar oan mem, dy wie skitende benaud wat der yn stean soe. Ik hâld der
wat rekken mei, mar wat ik skriuwe wól dat doch ik, dan hat ús heit in pear minne
dagen. Unfersteurber By ien fan syn fêste optredens yn it Grinzer kultureel studintesintrum sjongt er ûnder eigen solobegelieding it gedicht De deaden prate net mear mei my fan Tsead Bruinja: (...) ik leau yn ús taal / en dat dy feroarje moat / yn de minsken dyt it tsjinhâlde / en de minsken dyt it neat skille kin // myn Frysk is net geef / mar it is de taal dêrt dit yn gebeurde. Gedicht en fertolking fersterke mekoar; op toetsen is er in master yn útspûne nûmers, wylst soks ornaris ferfeelsum nei in útsteld hichtepunt tawurket is it by him ien oanhâldend genot. Der moat dizze jûn wol opbokst wurde tsjin de hyperaktive Bart FM Droog, de presintator dyt fragen stelt, mar net lústert nei de antwurden. Talma docht ûnfersteurber syn ding, lêst noch in hilarysk ferhaal foar, en gastdichter Elmar Kuiper bliuwt ek oerein, mar guon oaren litte har der troch ûntregelje. Splendid isolation Foarlêze of by in band sjonge, it liket miskyn net te passen by ferlegen minsken. Want dat bin ik, ik ha fan natuere in oantrún noadich om de stap nei bûten te setten. Noait in wûnder fan kommunikaasje west; in lang liif en stotterjend, út in religieus gesin, fan it Fean, diploma Kerkorgel A en B helle. Mar ik bin der aardich oer hinne groeid. En my der oer hinne wurke. Oan normaal wurk hie ik net safolle sin. Skriuwe die k wol altyd mei nocht en ik hie ynteresse yn film, boeken en soks. Fanôf dat ik Nyk de Vries tsjinkaam bepraten we elke wike ús koarte ferhaaltsjes. Wy ynspirearren mekoar en dat is sa bleaun, wy sitte ek al heel lang yn deselde band. Yn de tiid fan ús earste moeting spile hy al en sa rekke ik ek oan e muzyk. We begûnen in tydskrift, letter de Blauwe Fedde. Alles tafallich ûntstien, mar as it appeleart oan wat je yn je hawwe en graach wolle, dan ûntwikkelt it him fierder en wurde je altyd wer frege. En dan binne de skriuwerij en de muzyk wol ideale poadia. No bin ik wer frege foar in filmsenario. Dat is it libben: it tafal en de drive. Ik lykje oars as ik op it poadium stean frij stoïsynsk. Optrede is ek in twadde natuer wurden, hoewolt der noch altyd wol in soad stof by frij komt. Ik meitsje ek net alles mei wat der om my hinne gebeurt, stean en sjoch wat fansiden, wol yn myn muzyk komme en net yn e minsken. In sekere rûtine haw ik nei fiif jier ek by myn wyklikse kollum foar de Ljouwerter, mar je bliuwe der altyd mei dwaande. Nee, se ha my net frege om it yn it Frysk te dwaan. Frysk is foar my de primêre taal, seker as it om emoasjes giet. En it idioom is moai, it lient him goed foar humor; fan de Blauwe Fedde-petearen soe yn fertaling neat oerbliuwe. Myn earste boek hie kwa tematyk better yn it Frysk kind, mar ik fielde my der doe ûnsekerder yn. It gebrûk fan ús taal kachelt spitigernôch wol hurd achterút. Der soe op de basisskoallen mear oan dien wurde moatte. De skaal is ek wat lyts, it plattelân wat behâldend, dus gean minsken dyt fol plannen sitte al gau nei bûten Fryslân. Ik tink wolris dat it bêste wêze soe: Fryslân as eilân, of in sterke frijheidsdrang, in bytsje as Yslân of Baskelân, mar ja, toe mar... By mjitlatte lâns Meindert Talma waard berne yn it turbulinte jier 1968 en dêr sil it wat syn bining mei revolúsjes betreft wol by bliuwe. Hite issues lykje mei in bôge om him hinne te lûken, wilens docht er syn ding neit it him ynfalt. It komt der bygelyks op del dat it in yn en yn blánk barren is, net as syn polityk statement, oe heden nee, earder is it gewoan in ôfspegeling fan wêrt no ienkear jins roots en ynspiraasje lizze en fan it publyk dat dêr dan wer op ôfkomt. Om soks mei in knypeach ta te jaan is de namme The Negroes foar de band wol moai keazen, en dy kar foel al yn de tiid dat uterste korrektheid eins noch de noarm wie. Yn Amsterdam haw ik ek selden in witer publyk te sjen krigen as by de Impressionisten; nettsjinsteande de universele ambysjes út it program. By al syn stribjen nei trochgeande ûntwikkeling fan syn wurk sil de a-politike ûndertoan net sa gau sneuvelje, is myn ferwachting. Yn t foar wie ik benijd of datjinge wat him by in relatyf grut publyk populêr makket, ek net foar in part berêst op platte poaze of publisitêre geilens. Of dat syn autentisiteit en ûnôfhinklikens lije ûnder de omstannichheid dat er fan alles oannimme moat. Flauwekul! Ek yn dit sjapiter is er neffens my ûnfersteurber, folget er syn eigenste ideeën. En dat trochset oant op persoanlik mêd of mei kommersjele neidielen. Grifformearde ôfkomst respekteare, mar wêrt it moat doare te begekjen, flokke yn in ferske, neisten yn hear en fear úttekenje. Debút direkt yn it Hollâns, mar omt dat net goed oanfielt foar it bettere wurk weromskeakelje nei it Frysk; op it Leidseplein foar de Fryske ferzy fan in song kieze. Of risiko rinne mei nije kreative projekten, just ekstra fanwege de Ingelse taal. En niks mis mei dy geilens: oars as by de measten docht syn yndied opfallend ûntwikkele gefoel foar PR evensagoed syn autentisiteit of ûnôfhinklikens gjin ûnderstek. En fan optwingerichheid neat murken. Om dit praatsje fluch even boargerlik ôf te konkludearjen: Meindert doocht. Wanneart it petear by him thús klear is, Meike wekker makke en wy noch wat data fan syn optredens útwikselje, biedt er my freonlik oan dat ik wol in kear mei de band meiride kin. Mar nee, ik bliuw graach wat frij. Letter tink ik: oerdreaun dat ik dêr net op yngong! En stom: it hie my ommers de kâns jûn om ris fan tichtby it artystelibbentsje te ûndergean fan, toe mar: seks, drugs en rock & roll. Mar faaks soe hy dat lêste beäntwurde ha mei Feroarje dy drugs mar yn drank, want drugsmannen hawwe der net echt by sitten. |