![]() ![]() |
De kening van de kluts April 2012
Lietsjessjonger, skriuwer, dichter én toetsenist Meindert Talma hat wer in nije plaat ût. Nei in wat dreech jier wêryn hy in rjochtsaak oan’e kont krige, kin Talma him ferlieze yn sjongen oer ien fan syn leafhawwerijen: fuotbal. In
fuotballer dy’t inkeld doelpunten makket, at er al ris in doelpunt makket.
Dy’t trochgeans op in wat nuvere manier de bal foar de fuotten krijt, de
oaren hieltyd foar de teannen rint en de poaten hast brêkt as er oer it
fjild draaft. Dan binne je de kening fan de kluts. It soe samar oer Meindert
Talma gean kinne, ûnlinich bewegend mei syn lange skonken oer it griene
koartwjokke gers. Mar Talma is in eks-kuorkeballer.
Je had de
Spijker, Goudhaantje en De Man van Glas
Je had
Kappertje. Je had Heinz Kroket De Koning
van de Kluts is de bynamme – in optinksel fan Harry Vermeegen - fan
âld-fuotballer André Hoekstra. Hy spile yn 1984 syn ienniche interlân, in
freonskaplik duel tsjin Denemarken. Dêrnei wie it dyn mei de interlâns foar
him. Guon fuotballers ha mar ien kear it gelok dat se in interlân spylje
meie. En dêr giet de nijste plaat fan Talma oer. Oer dy spilers dy’t ien
kear skitterje mochten foar Oranje. It Wilhelmus sjonge mochten. Dêrnei net
mear. Dat is gelok ha. Of in lytse trageedzje. It is mar hoe je it besjogge.
En Talma makke op fersyk fan Den Boef en Smouter de soundtrack by harren boek. De teksten skreaun er yn ien wike op Skier. De melodyen komponearre er in wike dêrnei yn syn studio. Mei de út fjouwer manlju en twa froulju besteande gelegenheidsband De Rode Kaarten naam er hjirnei de plaat op yn fuotbalkantine fan V.V. Helpman yn Grins. In plaat mei nûmers oer ûnder oare ienmalige internationals dy't ynienen befange wurde troch faaleangst, leaver yn de fanfare spile hienen, kieze moatte foar welk lân se spylje wolle, it Wilhelmus net mei doarre te sjongen, of stopje mei it fuotbal fanwege de swier kristelike freondin. En ek in liet mei dêryn de fraach oan ienmalige international en hjoeddeistige bondscoach Bert van Marwijk wêrom't er wol it WK Klaverjassen wûn yn 1975 en net de WK-finale in 2010. Talma is in
passyf mar passyoneerd fuotballeafhawwer. Hy sjocht er graach nei. As
bankearpel. Mar hat gjin klubkaart foar wyls ‘syn’ klub FC Groningen. ,,As
ik soantjes hân hie, wie it misskien oars’’, seit er. ,,Myn famkes fan seis
en trije dogge harren bêst om ynteresse te toanen.’’ Talma seit dat er gjin
muoite mei hat at syn dochters skylk op frouljusfuotbal wolle. ,,It skynt de
grutste frouljussport te wêzen. Mar se ha al in aardiche lengte. Dus miskien
is volleybal wol wat.’’ Yn de ienmalige interlâns binne wûndere moaie ferhalen te fynen. ,,Der sitte machtig moaie tema’s yn.’’ Sa as it ferhaal fan keeper Theo Snelders mei faaleangst. ,,Doe it safier wie dat er syn twadde interlân spylje mocht, tsjin West-Dutslân, krige hy it benaud by de lêste training. Hy rekke sa fan’t hynder dat er gjin bal mear fange koe. De bondscoach naam in beslût: dat waard gjin twadde interlân.” Der sit ien
Fryske ienmalige international op de cd: “It nûmer oer Oekie Hoekema hie'k
as earste klear. Oekie hjit fan Oekie omdat er syn eigen foarnamme Uilke net
ûtsprekke koe. Hy wie ien fan de pear fuotballers dy't polityk engazjeard
wie. Hy hie betinge dat er net hoechde te spiljen yn in lân dat bestjoerd
waard troch in diktator, sa as Franco. Hy hie jierren in snackbar yn
Ljouwert. No is er fertsjinwurdiger fan hoekkuolkasten.’’
|
|
![]() (Foto: Linus Harms) |
|
Talma hat
faker skreaun oer fuotbal. Op syn album Leave Stumper (2001) sjongt hy oer
de Dûtse âld-fuotballer Karl-Heinze Rummenigge en is der in semi-filosofyske
ferhanneling te hearen oer it fuotbal dy't bestiet út sitaten fan
fuotballers út de Bundesliga (‘Wenn der Gegner den Ball hat, stellt sich die
Frage, warum hat er den Ball?') . Ek yn syn debuutdichtbunnel flonkert it
fuotbaljen. In it gedicht Voetballers met baarden en snorren seit Talma dat
it spitich is dat er in de fuotballerij nog mar sa’n pear fuotballers binne
mei burden en snorren. (…)
Met het verdwijnen van de
snorren en baarden
,,Tsjinwurrich hat in bytsje fuotballer in tatoeaazje. Der binne in pear
jonge baaskes yn Rotterdam dy’t in tatoeaazje fan de spits John Guidetti
sette litten ha. Mar hy sit nei dit seizoen werskynlik wer by in oare club.
Kinst better it logo fan Feyenoord op it liif sette. Mar een hattrick, trije
kear achter inoar score, tsjin Ajax, sit djip.’’
Klaas Jan Mulder en Feike
Asma. Talma is befoege om in
tsjerketsjinst te lieden mei it oargelmonster. ,,Dat is flink pittich.
Tsjerkegongers sjonge faak te snel. Wy hiene yn tsjerke gjin tsjerkoargel.
Dat is byelkoar kollekteare troch de gemeenteleden.’’ Hy is sljocht op it
oargel omdat it in ynstrument is dat je betwinge moatte. As in soart hynst.
|