Trotwaer

Bylûden (2)
Oer: Meindert Talma & the Negroes, Ferhûddûker

septimber 1999
Goaitsen van der Vliet

Dit is it bêste wat der ea op in 'Fryske' cd ferskynd is, hie 'k hast sein, as ik der heulendal neat op ou te tingjen hie. Yn alle gefallen is dit in alderopmerklikste skiif, dy't my wakker yn it moed taast hat. Dat komt, de lûden dy't hjir makke wurde, passe kreas yn it muzikale idioom dêr't ik my al jierren foar iepen stel.
Wat is dit foar muzyk? Oare besprekkers moatte tinke oan cult-bands fan kwizekwânsje lykas 22 Piste Pirkko, Eels, Granddaddy, Half Man Half Biscuit, Palace, Smog, Stranglers, Ween en, last but not least, The Velvet Underground.
Fansels, de Velvet Underground (VU), de rockploech fan Lou Reed om 1969 (1969) hinne, wie ek de earste dy't my yn 't sin kôm by it beharkjen fan 'Sprek gjin kwea' en it titelfers. Ik wol lykwols net leauwe dat hjir fan neifolging sprake is, want Meindert Talma is yn it foarste plak himsels. Hy hâldt der bytiden in wat eigenaardige diksje op nei en hy sjongt eamelich en falsk sa't hy dat wol. Ik fyn dat ien fan de sjarmes fan dizze man.

Ik bin fan betinken dat falsk sjongen net altyd ou te karren is, mar ek in mearwearde oan de muzyk jaan kin. Wat dat oanbelanget koe Lou Reed der ek wat fan, hoewol't âld-VU-drummer Moe Tucker him dêryn fierwei de baas wie. Ik seach har in kear mei Half Japanese en letter nochris op de VU-reuny mei 'Afterhours' en 'I'm sticking with you', de twa Reed-fersen dy't har op it liif skreaun binne. Ik hie der fêst gjin klap oan foon as it ynienen moai suver fan toan west hie.
It kin ek oars. Der binne ek bands dy't it dissonante ta hannelsmerk makke ha, mar gewoan net om oan te hearren binne. Yn dat ferbân moat ik The Blue Orchids út Manchester neame, mei de plaat Nothing left to hide! (1982). Ferskuorrend! Fansels, 'Beauty will not make the pot boil' mar it ear wol ek wat. En om it krinkje roon te meitsjen, en in ein oan dizze omballings: begjin jierren '80 wienen The Blue Orchids ek de begeliedingsband fan Nico, deselde dy't yn 1967, op oanstean fan Andy Warhol, 'chanteuse' wie by, yndie, The Velvet Underground.

Ek Meindert Talma sjongt hjir en dêr aardich ûnwis en falsk, mar yn kombinaasje mei de begelieding is der altyd in soarte fan konverginsje nei in suverder gearklank, wêrmei't de dissonante toanen part fan de muzyk wurde. Op de cd teminsten, want live is it in heul oar ferhaal. By it oanhearren fan in opname (makke troch de Fryske Fideograaf) fan it konsert fan 13 maart 1999 yn Theater Romein, hie ik de teannen bytiden krûm yn 'e skuon stean. Moat kinne, sees ik dan, as âld-frontman fan Rockploech Spul.

Dizze twadde cd fan Meindert Talma & The Negroes befettet seis Frysktalige en sân Hollânstalige stikken. De kar foar de taal liket min of mear tafallich te wêzen, om't der net in dúdlike tematyske skieding oan te bringen is tusken it Fryske en it Hollânske wurk. Talma skriuwt yn it earste oansjen pretinsjeleas oer deagewoane deistige dingen. It binne faak momintopnamen fan it gefoel of fan wat de sintugen opdogge. Guon teksten binne dêrmei

de lullige kant neist, mar krije mearwearde troch de treflike muzikale oanpak en de benypte wrâld dy't der tusken de rigels skûlet. Ut de Hollânske teksten moat ik fandatoangeande in onstjerlike rigel sitearje: 'Onze Johan, die heeft ook altijd wat, nu is ie weer dood.' Wa't soks op papier krijt, hat by my in streekje foar.
Fan de Frysktalige nûmers wol ik in pear apart noch eefkes neame, om't se foar my it hert fan de cd foarmje.
- 'Sprek gjin kwea' fertoant wat de muzyk oanbelanget in protte iere Lou Reed-trekjes. Ik miende benammen yn it refrein in nûmer fan Coney Island Baby (1976) te hearren, mar ik haw it net fine kinnen. Blykber is it inkeld it idioom fan Reed dat Talma yn dit nûmer treflik tapast hat. Ek de tekst is in boppeslach. Talma tekent dêryn it neare bestean fan in man allinne, dy't lêst hat fan hallusinaasjes en, teminsten dat liket my sa ta, fan syn fine achtergroon.
- 'Ferhûddûker' is in rûchrouwe rocker yn de geast fan 'White light white heat' fan it VU-album mei deselde namme, mar neat minder, as ik myn sin sees. It yn 'e studio tafoege stik ferfoarming mist syn útwurking net. Sonder tekstboekje is der útsein it faak herhelle 'Hy naait my yn 'e sek' gjin wurd fan te ferstean, mar dat nukt neat. Mear boadskip is der ek net. Ympekt nammerste mear!
- 'Rinskje' is op dit stuit foar my it moaiste fers dat der ea yn it Frysk op skiif fêstlein is. Tige melodysk mei in pear tûke toansoartwikselingen. En hoe't Talma dat skriemen útrekt ta in úthaal, is yn ien wurd prachtich: 'Hâldt mar op mei skrie-ie-iemen, Rinskje, ik kin dy wol fergrieme.'

Behalven Meindert Talma (rhodes piano en hammond) spylje mei: Jan Pier Brands (gitaar, slachreau, synthesizer), Janke Brands (bas) en Nyk de Vries (slachreau, gitaar en mûlharp). De kristalheldere produksje wie yn hannen fan Jan Hettema en Meindert Talma.
Fan de begelieding soe men noch opmerke kinne dat it fingerwurk fan Talma wat al te faak foar master opslacht. It net minder nijsgjirrige gitaarwurk hie om my wolris wat mear nei foaren komme mocht. En it ritmespantsje fan it selskip docht meast krekt wat it dwaan moat, neat mear en neat minder, al hie it sa út en troch wol wat strakker kind, tinkt my. Mar ek dat is ien fan dy dingen dy't dizze cd syn folslein eigen lûd jouwe.

Om koart te kriemen: dizze cd fan Meindert Talma & The Negroes is hast like behyplik as geniaal. Dy kombinaasje bringt my noch in oare namme yn 't sin: Syd Barrett, Pink Floyd-baas fan 'e earste oere, dy't behalven geniaal ek wakkere gek yn 'e plasse wie. Harkje mar ris nei syn masterwurk The madcap laughs (1970) mei it prachtich falske 'If it's in you'.
It sil de lêzers dúdlik wêze dat ek dit stik sa njonkelytsen mear seit oer de besprekker sels as oer it besprutsene.

 

Wanlûden út Eanske, of de pirateflagge op in stofsûger

novimber 1999
Klaas Innes Bruinsma

Reaksje op "Bylûden (2) oer: Meindert Talma & The Negroes, Ferhûddûker" út de Trotwaer fan septimber 1999. Eanske is frysktalich foar Enschede.

Men kin jin ôffreegje, wat de redaksje beweegd hat om it literêr tydskrift iepen te setten foar it stomsinnich geëamel oer popmuzyk ('Bylûden', Trotwaer, septimber 1999). Ommers, it is min te leauwen, dat de fans fan dy kakofonyen (bands dy't it dissonante ta hannelsmerk makke ha) ek lêzers binne fan dit literêre blêd, wylst hja sels suterige fodsjes genôch ha foar de subkultuer fan dy 'incrowd'.

Namste earder hat men bytiden de teannen krûm yn de skuon stean, as men sjocht dat Goaitsen van der Vliet, dy't dochs in namme heech te hâlden hat as besoarger fan Jan Wybenga syn literêre neilittenskip, him ferlege hat ta in besprek fan Ferhûddûker fan Meindert Talma & The Negreos. Want sa'n ien heart yndied ferhûddûke te wurden.

Tajûn, men kin Van der Vliet net alhiel it oardiel fan it ûnderskied ûntsizze. "Hy (M.T.) hâldt der bytiden in wat eigenaardige diksje op nei en hy sjongt eamelich en falsk." Mar dan folget dêrop: "Ik fyn dat ien fan de sjarmes fan dizze man." Fierder seit G.v.d.V.: "Meindert Talma sjongt hjir en dêr aardich ûnwis en falsk" en "Guon teksten binne de lullige kant neist." En ek noch: "Ut de Hollanske teksten moat ik in ûnstjerlike (sic) rigel sitearje: "Onze Johan, die heeft ook altijd wat, nu is ie weer (sic!) dood'." Fan sa'n perverse geast seit G.v.d.V.: "Wa't soks op papier krijt, hat by my in streekje foar." Sis my wa't jo freonen binne en ik sil sizze wa't jo binne.

Dizze cd fan Meindert Talma & The Negroes is dus likemin behyplik as geniaal. En as er al geniaal neamd wurde moat, dan moat men wol betinke, dat deze geniale "madcap" ek wakkere gek yn 'e plasse is. Genialiteit leit no ienris gefaarlik ticht by dwylsin. Men kin jin dus ôffreegje, oft men net earder begrutsjen ha moat mei dy falske sjonger. Dy kin ommers net oars omdat er falsk is, sa falsk as it wetter djip is. Yn elts gefal moat men rekken hâlde mei de dwylsin en hallusinaasjes fan in man allinne yn syn near bestean, dat taskreaun wurdt oan syn fine "achtergroon" (bedoeld sil wêze eftergrûn) te witten syn grifformeard ferline. "Hy naait ús yn 'e sek: gjin wurd fan te ferstean, mar dat nukt neat." (Krektoarsom, dat nukt alles.) Mear boadskipt is der net, "ympekt" (bedoeld impact?) noch minder. De kritikus einget mei: "It sil de lêzer dúdlik wêze, dat ek dit stik (fan G.v.d.V.) sa njonkenlytsen mear seit oer de besprekker sels as oer it besprutsene."

Spitich, want de kritikus hie de lêzers ek warskôgje kinnen foar de streken fan de trochtrape, mar net ferhûddûke neger út Surhústerfean. De duvel kin yndied moai oargelspylje, mar de lêzer wol net twongen wurde te harkjen nei de einleaze rige falske toanen, dy't Hantsje Pik spilet. En de redaksje wit skuon, dat Blauwe Fedde om 'e hoeke fan de doar stiet. Wêrom it skoander en djoer papier te fergriemen oan in plaat mei de wearde fan skythúspapier? Hawar, sa lang der libben is is der hope, sels foar in tûke útjouwer en in falske smjunt, dy't himsels geniaal achtet. Mar as de mole ienkear troch de fang is, is er net te hâlden.

Terug naar
pers-overzicht