![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Recensie Kriebelvisje novimber 2003 ( ) Talma Dy fyfde cd moat sjoen wurde as de soundtrack by de nijste roman fan Talma. Sawol dy roman as de cd hawwe de titel Kriebelvisje. De cd telt 13 nûmers, dêrt fjouwer Frysktalige by binne. It docht bliken dat Talma in foarkeur hat foar it skriuwen fan lietteksten oer persoanen. Sa hat er it yn it Hollânstalige stik Rudy Koopmansoer de âld-bokser mei dy namme en stiet op Kriebelvisje twa kear in nûmer oer de sjonger fan it libbensliet Rommy: ien kear yn it Hollânsk: (Ik ben Rommy) en ien kear kear yn it Frysk (Rommy, Stim fan de fryske wâlden ). It yn myn eagen absolute hichtepunt fan Talma syn nijste cd, it nûmer Sibbele Hietkamp (de bonte hond)hat ek in persoan as ûnderwerp, nammentlik de ferneamde dwerse kneppeltsjes smitende boer Sibbele Hietkamp fan Kollumersweach. Talma hat yn dat stik net minder as in monumint oprjochte foar Hietkamp. Hietkamp hat it mier oan gesachdragers en amtners. Oer dy lêste beropsgroep seit er, yn Talma syn tekst en yn autintike taal: ambtenaren haw ik altyd min lije mochten / ik bemuoi my net mei in oar en sy sitte altyd mar op ús om te seuren / altyd mar sjen of se wat fine kinne / ik moar der mar ris ien fan kant meitsje / want dat is der altyd ientsje minder / dan moat ik it lêste skoftsje mar bromme / dat is hast better as wat ik no ha. Nei dy prachttirade komt dan, oan e ein fan it nûmer, yn e metafoar fan in toer as de ein fan it libben (de himel), de werklike reden fan Hietkamp syn argewaasje oan it ljocht. ik sei, wer bemuoie jimme jim no mei man? / ik bin op wei nei de toer / dêr bin ik my hiel goed bewust fan. Muzikaal hat Talma syn oade oan Sibbele Hietkamp ferpakt yn in meinimmende wize en yn in geef stik gitaarrock. Oan e ein fan it nûmer, en grif as refleksje op de toer fan e haadpersoan, hat er passende synthesizer-strikers tafoege, dêrt út bliken docht dat Talma mear gefoel foar komponearjen hat as dat mannichien faaks tinkt. Grif omt er muzikaal de lêste jierren mear yn e marse krigen hat, wurde de stikken op syn neiste cd ek net spile troch syn fêste begeliedingsgroep the Negroes, mar troch rasmuzikanten fan e treflike gitaarband Daryll-Ann. Behalve de boppeneamde Rommy en Sibbele Hietkamp wurde yn e Frysktalige nûmers op Kriebelvisje noch mear persoanen út e kunderûnte fan Talma yn it sintsje set. Sa hat er it yn De wylde bruijers oer de death metal-leafhawwers Boate Blow en Sybren spegel, dyt sa delset wurde: se hawwe kisten oan en swarte learen jassen / se hâlde fan dea izer en hollebatse/ se sykje spul, se skelle en rache en jouwe rake klappen / se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven Sokke rigels soek wol faker tsjinkomme wolle yn Fryske lietteksten, omt se tsjûgje fan literêr talint, dat basearre is op waarnimmings- en ynlibbingsfermogen. It lêste Frysktalige nûmer, Giel en blau giet net oar in persoan, mar oer in blide bolle, dyt de hiele winter oan de ketting lein hat en him no ôffreget: wêr stean de kij, want ik wol der op! It is wer san typyske Meindert Talma-ympresje. In tekst dyt - krekt as gâns fan e Hollânske teksten (De wet van behoud van ellende, Kriebelvisje, Ik ben Rommy,20 jaar Muzikale fruimand) yn al syn ienfâld tsjûget fan in ûnnoazele fernimstigens dêrt men steil fan efteroer slacht. Wat de kombinaasje fan tekst en muzyk oanbelanget, rinne eins alle nûmers fan Meindert Talma syn nijste cd jin as lij wetter yn e earen. Dat sil de reden wêze wêromt de nûmers fan Kriebelvisje geregeldwei lânskomme op e ûnderskate radiostsjons, Omrop Fryslân ynbegrepen. |
|