![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Recensie Leave Stumper april 2002 Wers fan konvinsjes In begjinnende alternative gitaarband en in groep dy't, mei troch har min te definiearjen lûd, al in behoarlike kultstatus opboud hat. Dochs hawwe Cormick út Ljouwert en Meindert Talma & the Negroes út Grins mear mienskiplik as dat it yn 't earste oankommen liket. Beide groepen brûke twa fiertalen foar har teksten en de bandleden 'steane' foar de muzyk dy't se meitsje. Dy muzyk móát gewoan makke wurde, likefolle oft der in publyk foar is of net. De debút-cd 'Tessa' fan Cormick en de tredde cd fan Meindert Talma & the Negroes, 'Leave stumper', leverje dêr de bewizen fan. (...) Nei 'Tessa' fan Cormick is 'Leave stumper' fan
Meindert Talma & the Negroes produksjoneel in ferromming. Dy skiif is mei soarch en
twaijing opnommen en mixed yn Sound Studio Enterprise te Weesp. De produksje yn dy studio
waard dien troch de fan Bettie Serveert en Johan bekende Frans Hagenaars, dy't ek
prachtige dingen dien hat mei de Boalserter band Lucas (earder Travis). Hagenaars hat in
patint op it generearjen by rockbands fan in fol en dochs romtelik lûd, dêr't men it
gefoel by krijt dat him net ien inkele noat ûntkommen is. dreamfamke sinne fan myn hert Yn 't earste oankommen lykje dat mar wat
ienfâldige rigels. As men de mei in tokkeljend gitaarke begjinnende, sfearfolle en
yntrigearjende musyk der lykwols by behellet, docht bliken dat wy hjir te krijen hawwe mei
in werklik perfekt slutend nûmer. De harker bedarret geandewei it nûmer yn in sompich
bêd fan muzikale waarmte, dêr't de wurden fan Talma yn op sleeptou nommen wurde, de kant
fan it dreamelân út dêr't it 'famke' yn tahâlde moat. It nûmer hat yn dat stik fan
saken wol wat wei fan 'Dreamscape' fan The Serenes op dy har cd 'Back To Wonder' (1993). jonkje wat woest dû no, moatst ris goed
nei dy sels sjen Muzikaal sit yn it titelnûmer, mei in 'tin'
begjin fan suver psychedelyske piano- en gitaartoanen, in soad dynamyk. Der wurdt hieltyd
op it goede momint yn 'e foarm fan breaks 'gas' weromnommen en ek wer op 'e tiid ekstra
'gas' jûn. Yn dit nûmer falt op 'en dúdliksten op dat Talma as sjonger in hiel eigen
timbre hat, dat prima te ferbinen is mei stevige meloadyske rockmusyk. oh deale famke mei dyn prachtich spierd
lyfke Dochs liket it ek no in platonyske oangelegenheid te bliuwen, sa't opmakke wurde kin út de lêste strofen fan 'Brânmerk': de loft is alhiel ôfskjinne it binne
allegear stjerren de folle moanne brânt yn myn lichem It poëtyske fan 'e tekst wurdt yn 'Brânmerk' aksintuerre troch it ynhâlden fioele- en dito trompetspyljen fan 'e respektivelike gastmuzikanten Joke Corporaal en Tigran Mansour. Fierder kleuret Talma sels op piano en selesta it nûmer moai 'fyn' yn. Op sa'n wize is 'Brânmerk' in aparte, somtiden sweverige, mar yn alles oertsjûgjende útsetter wurden fan 'e tredde cd fan Meindert Talma & the Negroes. It hear oereagjend kin, by alle ferskil yn kwaliteit fan 'e produksje, sein wurde dat 'Tessa' fan Cormick en 'Leave stumper' fan Meindert Talma & the Negroes cd's binne fan in heech artistyk gehalte. Beide bands dogge wers fan 'e itige muzikale en tekstuele konvinsjes har eigen autentike dingen. Dat sil wol mei de reden wêze, dat de nûmers fan sawol Cormick as Meindert Talma & the Negroes mar sa'n bytsje op 'e regionale omrop te hearren binne! |