01-vlakje-pers.jpg (906 bytes)

Retecool.com/listen

Recensie 'Meindert Talma & the Negroes'

19 mei 2005
Jacco

As myn maat Meindert sa trochgiet dan wurdt d'r noch ris de Brian Wilson fan Nederlân, hea! Wat in plaat wer, hy docht oan disco, barokke pop en elektro en fansels ek syn psalmachtiche koraaltsjes. Hoe flikt 'r it. No tinke se by in soad oare media dat it gewoanwei in natuerlike ûntwikkeling is. Dat it mei de leeftyd komt sis mar. Mar je, dat is fansels wer sjoernalistyk wietefingerwurk. It is dochs klip en klear. Meindert is oan it wyf. Hy hat alle dagen seks, as it kin. Hy hat in opromme hûske, krijt alle dagen waarm iten en moat ôfwaskje. En in kleare geast kin in soad oan. Dus nim mar fan my oan. Dit is Meinderts ferkearingsplaat. En ferkearing is prachtich! Dat witte wy dochs allegear.

Klinkt as: Seks mei Meindert Talma

As hâldst fan: Firtuele seks mei Meindert Talma

 

Terug naar
pers-overzicht