![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
![]()
Ut: Trotwaer, maart 2002 Op it omkaft fan it boek De Blauwe Fedde yn petear stiet in prachtige foto fan monsterboer Sibbele Hietkamp út Kollumersweach: Ik bin in âlderwetse boer dyt it allegear noch docht op de âlderwetse toer. De 83 jierrige frijfochten boer, ek wol bekend as De Bonte Hond, sjocht fleurich yn e lins fan e kamera, de broek op healwei seizen en de rjochterwiisfinger priemkjend nei foaren: It sit him yn e geast fan e tiid. It folk is losslein. Ik ha heard, famkes fan tolve, trettjin jier sitte al by de joeperij, sa seit er yn it fraachpetear mei de Blauwe Fedde. Sibbele Hietkamp is sûndermis de meast bysûndere persoan dyt troch Meindert Talma en Nyk de Vries ynterviewd is foar it tydskrift De Blauwe Fedde. Neist it Sibbele Hietkamp-petear binne der noch fjirttjin ynterviews bondele foar de peteareboek. It ynterview mei aktrise Joke Tjalsma is nij yn dizze bondel. De oare fraachpetearen binne allinne wat bewurke yn fergeliking mei de tydskriftpublikaasjes. In trijetal ynterviews hawwe net yn e Blauwe Fedde stien, mar yn it opinyblêd Frysk en Frij. Dat Sibbele Hietkamp op 7 septimber fan it ferline jier it earste eksimplaar fan De Blauwe Fedde yn petear yn ûntfangst nimme mocht wie dan ek terjochte. Neffens de beide auteurs wurdt yn it grutte peteareboek fan De Blauwe Fedde anty-sjoernalistyk bedreaun. Mmm De beide skriuwers Talma en De Vries rane yn dit boek op subtile wize gear yn e fiktive persoan fan de Blauwe Fedde. Dy Blauwe Fedde giet op besite bij 15 eigensinnige Friezen om har libbensferhalen op te skriuwen. En dêr nimt de Blauwe Fedde werklik alle tiid foar. Sa stapt er op tiisdei 19 augustus 1997 de jûns om healwei achten tegearre mei de Kesanova de doar út foar in besite mei de bekende Fryske folksskriuwer Rink van der Velde. It is al lang 20 augustus as de Blauwe Fedde wer op hûs oan set. Om de styl fan dy (anty-) sjoernalistyk te yllustrearjen de ein fan dat ynterview: De Blauwe Fedde en de Kesanova sitte mei lege fleskes Belgys bier yn e hân op har stuollen. It is oer alven as de droege klik klinkt fan it opnimapparaat. It lêste kassettebantsje is fol. In de tas sitte gjin nijen, dat it petear liket in ein oan te kommen. De Blauwe Fedde en de Kesanova kinne oerein komme en Rink van der Velde betankje foar de moaie jûn. Mar dat gebeurt net. Van der Velde hellet der romerkes by en begjint te dielen út eigen flesse. Letter moat der noch in flesse bykomme it ferhaal giet troch en hâldt de hiele nacht oan. Op t lêst trilje de gleskes, rûke de fingers nei oliven en sile de ferhalen frjemd troch de hollen. Dit binne sesjes, hear. It is oeren letter as Van der Velde yn e wâl stiet te pisjen en werom op e feranda seit, dat we dit lêste mar net alles opskriuwe moatte. Dan wurdt der ôffûstke en giet it mei de swiere hollen troch de beammen de wei op. Dêr docht yn e betide skimer bliken dat it al hast healwei seizen is. Dat is aardich let. Foaral omt it doel wie om moarn betiid noch even te fiskjen, it leafst mei as resultaat in pear ieltsjes. It wurde úteinlik snotterpoasken. It is net allinne opfallend dat de Blauwe Fedde, de Fryske namme foar Magere Hein, op papier alle romte jout oan de minsken dyt ûnderfrege wurde, fan de 15 bijdragen binne der 12 langer as 10 siden. Ek it neammen fan it eksakte plak en tiden fan ynterviewen komt hieltyd werom: It is 7 febrewaris 1996. De Blauwe Fedde stapt de Grinzer statonsresatauraasje yn ; Tiisdei 26 maart 1996. De Blauwe Fedde komt mei de bus oan yn Aldemardum ; Op 21 april 1997 dûkt de Fedde it lytse pittoreske húske oan it Sylspaed yn, dêrt Atze en syn frou Rieki no al wer san tritich jier wenje. De ynterviews, mar dat binne fansels alle fraachpetearen, binne momintopnamen. De Blauwe Fedde, jout dan oan e ein fan elk libbensferhaal ek in Post Scriptum mei de meast aktuele ynformaasje, en dy is fan maaie 2001. Fan e 15 ynterviewden, geane nei maaie 2001 trettjin libbensferhalen troch. Dammer Bauke Bies en Rink van der Velde binne net mear ûnder ús, harren Post Scriptum is definityf. It earste ynterview waard ôfnommen op 7 febrewaris 1996 en it lêste petear wie op 7 maart 2001. Der wurde trettjin manlju en twa froulju ynterviewd Oer it Frysk dat de Blauwe Fedde brûkt is sa foar en nei al hiel wat kritys ôfskreaun. It wie benammen LC-redakteur Sietse de Vries dyt it blêd kritys folge yn e Leeuwarder Courant. Lekker lullich dat dyselde Sietse de Vries no it foarwurd fan it boek skriuwt: De earste ynterviews yn De Blauwe Fedde foelen krekt as de ferhalen benammen op troch it minne Frysk en de faak absurde lingte. Mar tusken dy tekoartkommingen kamen ek hieltyd faker de kwaliteiten fan Meindert Talma en Nyk de Vries as skriuwers en as ynterviewers nei foaren. De natuerlike omgong mei it Frysk, de nijsgjirrige symbioaze fan wâldsjer komôf en Grinzer studentikositeit en foar alles: se namen de tiid. Gelokkich hawwe de auteurs wol sa eigensinnich west en feroarje net al dat saneamde min Frysk yn in gever ekwivalint. De sjarme fan dizze ynterviews is krekt it hjir en dêr knoffelich brûken fan it Frysk en dy út e los hân skreaune fraachpetearen hawwe simpelwei wat. As de Blauwe Fedde bij Rink van der Velde ûnder de feranda fan syn simmerhúske sit giet it op in gegeven stuit oer de wize fan Blauwe Fedde syn ynterviewen: Ha jimme dy apparatuer noch hieltyd oanstean? freget Van der Velde. Ja. Oh. Is dat in beswier? No, nee. It is praat fan niks fansels, mar afijn. De krityk op de Blauwe Fedde is meastentiids dat er mar wat omeamelt. Van der Velde skodhollet stadich, yn it skynsel fan de kers. Dat dogge we allegear hen. Wy roppe mar wat no. Dat relativearjen fan de Blauwe Fedde oer de ynterviewkapisiteiten hat wat weaks, dat omeameljen ropt in bepaalde sympaty op, sa fan och it binne sokke aardige jonges. Troch de minsken alle gelegenheid te jaan har dingen te sizzen, kinne der ynienen juwieltsjes fan libbenswiisheid op papier komme. Sa as yn it ynterview mei yoga-learaar en eks-fuotbaltrainer Atte Bouma as dy oer syn 94 jierrige pake praat. Bouma fertelt oer it lêste petear dat er mei syn pake hie: En doe bin ik, deselde nacht dat er ferstoarn is, by him west. Hy hie kompleet gjin krachten mear. Ik siet by him en koe net folle mear sizze. Hy wie noait in prater west en in serieus petear hie ik myn libben noch noait mei him hân. En doe sei er, samar, út it neat wei dat is foar my noch hieltyd net te ferklearjen hy sei tsjin my Ik frege him ek niks, ik sei, hoi hoe is it, of sokssawat. Mar doe sei er samar hy fette eigentlik yn inkele wurden syn hiele libben gear. Hy sei: dû tinkst dat it komt, mar it komt noait. En dat stiet by my yn marmer gebeiteld. Dat is in hiel libben yn t koart. Hy wie op syn manier sykjende, allinnich, hy socht it yn e matearje. Hy hat gewoan de pech hân dat er yn in ferkearde tiid libbe. Hy kaam út e bittere earmoed wei, út e tritiger jierren, en berikte toch min ofte mear wat er berikke woe: in sekere foarspoed, in sigaar roke kinne, iderien in eigen hûs, En toch sei er by syn ferstjerren: Dû tinkst dat it komt, mar it komt noait. San passaazje, út in petear dat miskien wol hielendal neat om e hakken hat, dàt is fansels grandioas yn al syn ienfâld. It is boppedat geweldich sfearfol, hoet de Blauwe Fedde dy situaasje sketst, sels de gedachtestipkes hawwe funksje. De lêzer wurdt dielgenoat fan it petear, it is wiere human interesting. Gjin bobos, gjin jetset oan it wurd, mar deagewoane Friezen, eigensinnich, dat wol, at se no Menno Bakker, Klaas Bruinsma, Simone Scheffer, Sibbele Hietkamp, Willem Wijngaarden, Atze de Groot, Rink van der Velde, Swarte Klaas Venema, Geert van der Velde, Tinus Douma, Pieter Verhoeff, Bauke Bies, Wietse Veenstra, Atte Bouma of Joke Tjalsma hjitte. Nei de peteareboeken fan Tiny Mulder, Hwer hast it wei ( Laverman, 1970) en Joop Boomsma, Peteareboek ( Koperative Utjowerij, 1976 ) is De Blauwe Fedde yn petear in prima oanwenst foar dit sjenre fan e Fryske literatuer. Dat der ferlet fan ditsoarte fan boeken is, docht wol bliken út e ferkeapresultaten. De Blauwe Fedde yn petear is bestseller, it keapsjogge omslach mei de foto fan dy monsterboer fan e Sweach docht der sines ek ta. Is der dan hielendal gjin krityk op dizze bondel? Och ja, der sitte genôch flutstikken tusken en om mij hiene der ek noch wol wat mear froulju oan it wurd mochten. Mar ik haw it boek yn ien siken útlêzen, omdat dizze libbensferhalen ôfgryslik boeie. De Blauwe Fedde portretearret hjir in tal Friezen op in heule meinimmende wize. |
Terug naar het BOEKBESPREKING OMROP
FRYSLAN Klaas Jansma: Ja En ik ha begrepen dat wy dêr foar Omrop Fryslân noch in prachtige útstjoering fan hân hawwe, mei as haadpersoan Sibbele Hietkamp dyt op it feest nei alle gedachten ek in belangrike rol spile. Want hy komt út dy kusten. Dat petear is hast ien fan e moaiste, geastferûmjende ynterviews dyt har hjir foardogge. In man dyt oeh sa kristlik Grifformeard is... Hy hat it oer famkes dyt mei tretjin jier al oan e joeperij binne, om it sa mar te sizzen. Dêr moat er hielendal niks fan ha, yn e bibel stiet dat dat ek hielendal net mei. Mar ûnderwyls is er sels sa ûndogens as mar kin en dat wurdt op in prachtige manier tekene. Ik hie earst wat tsjin dit boek. Dy Meindert Talma en Nyk de Vries, ik fûn dat se har toch wol wat pedanterich presintearden. Achteryn stiet dat it anti-sjoernalistyk is. No dan tink ik, wachtsje ris even, wurd no asjeblyft earst ris even goed sjoernalist, behearskje dat fak perfekt en begjin dan mei anti-sjoernalistyk. En dan hat it ek noch hiel tsjok, djoer papier. Dan tink ik, no no no, dat is nochal wat foar it werprintsjen fan wat ynterviewkes. En dan tink ik, wat ferskine der in allemachtich protte ynterviews yn e kranten. Moatte no âlde ynterviews ek noch in kear werprinte wurde? En dy jonges fan e Blauwe Fedde, dy koenen ommers net iens goed Frysk. Dat skriuwt teminsten Sietse de Vries altyd yn e krante. En dan ha se ek noch boeken útjûn wêrfant de iene Dammen met Ome Hajo, dy fûn ik sels wat aardiger as Rezineknyn. Mar dan slach ik dit iepen en ik lês it mei alle mooglike foaroardielen, ik bin oeh sa kritys op dy mannen. Mar ik wurd meinommen yn e petearen, ik sjoch dy setting, ik sjoch hoet dy jonges dermei oan e gong binne. Se rane dus gear yn dy fiktive persoan Blauwe Fedde. En dat dogge se op himsels al op in hiele fermakelike manier. Dy Blauwe Fedde krijt op in gegeven momint in mandarijn oanbean, of Blauwe Fedde kriget in koekje. En Blauwe Fedde is yn petear mei Simone Skeffer. Dêr ha se foarhinne ek al hiel faak mei yn petear west en doe woenen dy petearen noait. Want dan wie Simone Skeffer de ynterviewster, hjir fan Omrop Fryslân. Eric Ennema komt der dan ek noch yn nei foaren. En dan ynterviewe sy dus Simone Skeffer, en dat wol dus likemin. It is in soarte fan wraak. Blauwe Fedde konstateart dan ek, ja dit hie miskien net wêze moatten, wat ha we no eigenlik ferkeard dien? No, dat is prachtich om dat te lêzen, al dy fragen dyt je as sjoernalist fansels wolris ha nei in mislearre ynterview, wat ha ik no eigenlik ferkeard dien? Of leit it oan dy rottige haadpersoan? No, dan bin ik sels gemien genôch om der ek wer fan te genietsjen dat se op in hiele gemiene ferfelende manier yn in soart neiskrift noch hiel liderlik wraak nimme op Simone Skeffer. Dat heart hielendal net sa, it mei ek net, mar se dogge it al, en je geniete dêr as lêzer even fan. Ennema: Dat is dan miskien wol anti-sjoernalistyk. Jansma: Dat is dan miskien wol anti-sjoernalistyk... Mar ik fyn it dus gewoan hiele moaie meinimmende ynterviews. En ien fan de aldermoaisten, dat fyn ik dy mei Atte Bouma. Dêr ha se in stikje yn... dan krijt Atte Bouma in pear wurden fan syn pake, syn pake dêrt er eigenlik noait mei prate. Doe wie pake al oan it stjerren doet Atte Bouma noch ien kear by him op besite kaam. It is in hiel lang petear mei Atte Bouma dêrt dy man himsels stadichoan wat yn ûntmaskeret. It is dy wat goeroe-, yoga-achtige fuotbaltrainer dyt it krekt noait makke hat. En it hiele petear gie it troch fan, dêr giet it ommers ek hielendal net om, dat jo it net meitsje. Jo hoege it ek net te meitsjen, je hoege net ryk te wurden. Mar dan praat er troch, se litte him moai trochprate, en dan stelt er dêr sels fraachtekens by. Miskien hie ik doe wol oars kieze moatten, wat hie ik dan no in dikke bankrekkening hân, seit er op in gegeven momint. Of: Dan hie ik no toch noch yn it sirkuit sitten fan it betelle fuotbal. Ja, seit er dan fuort, dat hie net hoecht hear, en dat is ek net sa belangryk. Mar je begripe as lêzer dat hy it wol freeslik belangryk fynt. En dan komt dat stikje dat er by syn pake is. En dan ha we al in hiel stik hân, oer dat er by pake wie, en dan krije we it folgjende stikje: Mar goed, dit is in lange ynlieding foar eigenlik mar in hiel koart stikje. Hy wie fjouwerennjoggentich en lei op stjerren. It is noch net iens sa lang lyn, it wie erges midden jierren tachtich. Hy wie echt útlibbe, hy wie op, al wie er yn 'e holle noch sa helder, sa geef as kryt. En doe bin ik, deselde nacht dat er ferstoarn is, by him west. Hy hie kompleet gjin krachten mear. Ik siet by him en koe net folle mear sizze. Hy wie noait in prater west en in serieus petear hie ik myn libben noch noait mei him hân. En doe sei er, samar, út it neat wei... dat is foar my noch hieltyd net te ferklearjen... hy sei tsjin my... Ik frege him ek niks, ik sei, hoi hoe is it, of soksawat. Mar doe sei er samar... hy fette eigenlik yn inkele wurden syn hiele libben gear. Hy sei: dû tinkst dat it komt, mar it komt noait. En dat stiet by my yn marmer gebeiteld. Dat is in hiel libben yn 't koart. Hy wie op syn manier sykjende, allinnich, hy socht it yn 'e matearje. Hy hat gewoan de pech hân dat er yn in ferkearde tiid libbe. Hy kaam út 'e bittere earmoed wei, út 'e tritiger jierren, en berikte toch min ofte mear wat er berikke woe: in sekere foarspoed, in sigaar roke kinne, iderien in eigen hûs. En toch sei er by syn ferstjerren: Dû tinkst dat it komt, mar it komt noait. Monumentaal. Net in ynterviewer soe it sa dwaan. Mar it is grandioas. En it set dus yn in lyts blokje in stikje sfear del dêrt de haadpersoan himsels geweldich yn toant. En dat net troch in strenge ynterviewer, mar gewoan troch goed te selektearen, de goeie wurden derút te heljen, en ek de moed te hawwen om it gewoan wiidweidich op te skriuwen. Sa krije je yn dit boek in oantal juwieltsjes fan ynterviewkunde. Der sit ek flutstikken by, dat ik tink, hie dêr de kras mar even trochhinne helle. Of Blauwe Fedde, dû wiest hjoed net sa yn foarm. Mar foar it oare... It jout mei elkoar ek in byld fan dit prachtige Fryslân, fol mei al dy aparte geweldige minsken mei dy moaie ferhalen. Hjir steane fyftjin eigensinnige Friezen yn. Ja, dat jout my oan it is goed dat it op moai tsjok glânzjend papier is. En dy Talma en De Vries, dat binne hiele talintfolle jonges. Ik hoopje dat dy noch in hiel soad sjoernalistyk dogge. De Blauwe Fedde makken se fergees, hjir fertsjinje se wierskynlik miskien ek mar wer in hiel lyts bytsje oan. Mar ik gun it se dat se nochris grandioas karriêre meitsje. En wa wit wat der foar de radio of foar in krante, of foar wit ik folle wat nochris yn sit. En dan geane se dy pake fan Atte Bouma achternei: Mar it komt noait. Klaas Jansma, 10 september 2001 (Omnium, Omrop Fryslân-radio) |