MT&tN001.jpg (19048 bytes)



Ferhûddûker
1998

reallogo.gif (973 bytes)
streaming audio


HIPPERT HIPE

de sinistere fûgelkop fan Jelke
foar syn grutte bek en driigjende ferskyning
deinsden al myn maten snel tebek
hy skopte hurd, ik wie te let
yn myn bline bangens sprong ik rjocht yn in stjonksleat
in groppe fierder smiet ik myn
benaudens yn in skreau fan freugde wei
ik dream it nei en it wurdt wei

eltse dei fuotbalje en sleatsjespringe
yn grutte griene learzens
it fjochtsjen mei de openbare stjonksigaren
oant de bloedkoeken harren op de plasse stie

de sliding fan Dick Schoenaker, de skjirre fan Tscheu La Ling
foar it húsbesite fan in âlderling
de Heare Jezus is Dick Passchier
mei syn gulle laits en syn swart boskje hier
Sloop John B. fan The Beach Boys is pakkende gospelsjongerij
troch de Feanster Shalom Singers
yn konvinsjonele hippykledei
ik dream it nei en it wurd wei

hippert hippert hipe hoenear silstû lipe
yn maaie, yn maaie as alle fûgeltsjes kraaie
dan komt Jan mei it skerpe mes, hy sil dy de kop ôfdraaie
heal ôf, hiel ôf, fluite fluite fljoch der ôf

© All rights reserved

Terug naar
songteksten-overzicht