
Kriebelvisje
2003
streaming audio
|
DE WYLDE BRUIJERS'och heare hitskes,' seit Boate Blow, 'dizze dei
hat my fel slein,
it wie benei as sonk myn libben yn dat grize gat wei'
'hâld op mei janken,' ropt Sybren Spegel, 'hé stik sjagrijn achter dyn moaie tap,
jit ús glêzen even fol, en as it kin in bytsje rap'
och hearehitskes, och harrejasses
dêr komme de wylde bruijers mei harren dronken harses
se hawwe kisten oan en swarte learen jassen
se hâlde fan dea izer en hollebatse
se sykje spul, se skelle en rache, en jouwe rake klappen
se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven
och hearehitskes, Sybren Spegel en Boate Blow
komme der oan
it binne dikke doerakken en stikken ûnferstân
och hearehitskes dêr komme de wylde bruijers
dy't mei de jûkte yn 'e lea de herbergen ôfstreupe,
om de boel flink te ferneuken
och hearehitskes, och harrejasses
dêr komme de wylde bruijers mei harren dronken harses
se hawwe kisten oan en swarte learen jassen
se hâlde fan dea izer en hollebatse
se sykje spul, se skelle en rache, en jouwe rake klappen
se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven
och heare hitskes
© All rights reserved |