BRÂNMERKik mei dy stommegraach, dû makkest my alhiel
oerstjoer
dû sist by my ynbrânt as in brânmerk yn in kowehûd
oh deale fanke mei dyn prachtich spierd lyfke
bist dû foar my in alderferskuorrendst moai wyfke
ja dû bist gewoan dwarstrochalles hinne
fertel my hoe kin ik dyn hert winne
fan dyn lichem is elke line
hiel sûpel brutsen en brekber as porseline
dyn oanwêzigens snijt troch myn siele
dû bist myn blauwe flam myn blauwe leafde
de loft is alhiel ôfskjinne it binne allegear
stjerren
en hoe kin ik dyn hert winne
ik ha dy socht yn de winter ik ha dy socht yn de simmer
hoe kin ik dyn hert winne
de folle moanne brânt yn myn lichem
in hiel fel ljocht eksplodearret yn myn holle
dû bist makke om de himel omheech te hâlden, dyn stim
golft yn sonyse golven myn holle binnen
© All rights reserved |