MT&tN001.jpg (19048 bytes)



'Meindert Talma & the Negroes'
2005

reallogo.gif (973 bytes)
streaming audio


DATST DÛ NET MEAR BESTIEST

dû bist in skoander frommes dû makkest my alhiel oerremis
altyd goed yn it fleis en sa glânzich as in ikel
4 jier ha ik op dy wachte mar ik krige taal noch teken
wiest altyd al in nuvere sipel
ik bin dy noait ferjitten ik ha sa faak oan dy tocht
faker as Jezus oan syn skiep sa faak dat it sear die
en ik woe datst dû net mear bestiest ja ik woe datst dû net mear bestiest
ik ha al in pear pilskes hân ik bin noch by myn folle ferstân
ik stean noch stevich op myn skonken mei ik mei nei dyn hûs
want ik ha in soad te bepraten 4 jier ha ik op dy wachte
mar ik krige taal noch teken ik ha sa faak oan dy tocht
faker as Jezus oan syn skiep sa faak dat it sear die
en ik woe datst dû net mear bestiest ja ik woe datst dû net mear bestiest
swarte loft ferdriuwt de sinne swarte fûgels fljogge oer ús hinne
de himel is mei donkere wolken belutsen sa lang hiest dy de hannen fan my ôflutsen
hoewolst dû net mear mei my pratest wiest dû foar my in ljocht sûnder skaad
dû hast dyn skuld noait bleatlein dû hast der noait in wurd oer sein
ik ha sa faak oan dy tocht faker as Jezus oan syn skiep sa faak dat it sear die
en ik woe datst dû net mear bestiest ja ik woe datst dû net mear bestiest

© All rights reserved

Terug naar
songteksten-overzicht