De Blauwe Fedde yn petear
Meindert Talma en Nyk de Vries
7 september 2001
Interviewboek | Friese Pers Boekerij (ISBN 90-330-1228-6)
OMSLACHTEKST
Yn De Blauwe Fedde yn petear hawwe Meindert Talma (Surhústerfean, 1968) en Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) fyftjin ynterviews byinoar brocht dy’t earder yn it tydskrift De Blauwe Fedde publisearre waarden. Dêr is in nij ynterview mei aktrise Joke Tjalsma oan taheakke. De Blauwe Fedde (de Fryske namme foar Magere Hein) bestiet sûnt 1996. It blêd wurdt troch Talma en de Vries útjûn op A5 formaat, is elk nûmer op ‘e nij yn in fantasyfolle lay out útfierd en stiet fol mei stikken dy’t folskreaun binne troch Meindert Talma, Nyk de Vries en freonen. De ynhâld fan it blêd is min ofte mear ûnfoarspelber - en dat is ek de grutte sjarme fan De Blauwe Fedde - mar yn alle nûmers stiet wol in grut ynterview mei in nijsgjirrige persoanlikheid. Mei bygelyks Menno Bakker, Klaas Bruinsma, Simone Scheffer, Sibbele Hietkamp, Willem Wijngaarden (de Fryske Heino), Atze de Groot, Rink van der Velde, Swarte Klaas fan de metaalhannel Snert bv, Geert van der Velde, Tinus Douma, Pieter Verhoeff, Bauke Bies, Wietse Veenstra, Atte Bouma. Dy ynterviews binne, ryklik foarsjoen fan swart-wyt foto’s yn it boek, en in bytsje bewurke, allegear ôfprinte yn it boek.
Fan it begjin ôf luts De Blauwe Fedde de oandacht yn de media. Sietse de Vries dy’t it foarwurd fan it boek skreaun hat, begelate alle nûmers yn de Leeuwarder Courant mei syn krityske kommentaar. En Kees ‘t Hart skreau yn De Groene Amsterdammer: ‘Dit is dus geen sjiek uitgegeven blad vol sjieke meningen en sjieke literaire beweringen, er staan geen bewonderende stukken in over voorgangers, geen literatuur-uitgeleg, geen hoge verwachtingen, geen meedoegedrag met literaire modes, hypes, bobo’s. De Blauwe Fedde doet niet meer mee, dit zou de beginselverklaring kunnen zijn van dit opzettelijk rommelige blaadje. Het nieuwste nummer bevat een uitvoerig en meeslepend interview met Atte Bouma.’
En dat is yndied it aardige fan sawol it tydskrift as fan de petearen dy’t de Friese Pers Boekerij no yn boekfoarm útjout. Jo soene sizze kinne dat De Blauwe Fedde in soarte fan anty-sjoernalistyk bedriuwt. Hy is oprjocht benijd nei de man of frou dêr’t er mei praat, stelt ûngewoane fragen, nimt de tiid foar in goed petear en jout de minsken op papier àlle romte. De minsken dy’t yn it boek oan it wurd komme binne yn har eigensinnichheid faak typearjend foar de hoeke wêr’t se wei komme: de Fryske Wâlden. De Blauwe Fedde lit tusken de bedriuwen troch fernimme dat er ek each hat foar de sosjologyske kant fan syn ûnderwerp. It einresultaat is yn alle gefallen: in rige tige lêsbere en nijsgjirrige fraachpetearen mei opmerklike minsken.
FIERDER
- Paperback, 248 siden
- Omslachûntwerp en omslachfoto’s: Henk Veenstra
- Setwurk: Migg bv, Snits
- Printwurk: Krips bv, Meppel